Google+
©Martin de Jong
©Martin de Jong
©Martin de Jong
FK Fierljeppen Winsum 2011
FK Fierljeppen Winsum 2013
Fierljeppen Buitenpost
Welkom op de site van Frysk Ljeppers Boun!

It ferhaal fan Ljeppie de Ljip!

Ergens yn 'n lyts doarpke midden yn Fryslân wennen twa broers, 'n twilling!
Dizze mannen, twa echte boere soannen wienen hyl goed yn it Fierljeppen.
Se wennen dan ek net foar neat yn dit lytse Fierljepdoarp.
Wat de mannen ek goed koenen, wie aaisykjen.

Op 'n dei wienen se yn de lânen drok dwaande mei it sykjen nei ljipaaien.
Se sochten en sochten de hiele dei mar se fûnen neat.
Doe begong it ek noch te reinen, de moed sakke harren yn e sokken,
se baalden beiden as 'n stekker! 'No mar gou nei hûs!'

Doe it  jûns wêr droech wie woenen se mar al te graach nei de fierljeptraining ta, even de frustraasje fan it sykjen der úthelje.
Mar ûnder de trainings begong it wêr te reinen!
De mannen moasten al gau ûnder 'n beam skûlje.

Doe it wer droech wurde en it sintsje der by kam, seagen se 'n reinbôge.
Mar dizze reinbôge wie oars en hie lang net alle kleuren en ek 'n soad spikkels.
Doe se tichter by kamen seagen se dat die reinbôge presiis yn it sânbêd útkaam..,
Der moast wat weaze…, 'goud!!' rôpen se tegelyk,…. en de mannen setten it op 'n rinnen…..
Mar doe't se by it sânbêd útkamen seagen se hyl wat oars …..

De reinbôge wie alwer fuort, mar der gloeide noch wol wat nei.
Doe se tichter by kamen seagen se it 'it,…it, it liket wol 'n ljipaai' rôpen se tegelyk.
Mar it wie folle grutter as in ljipaai, 'makket neat út we nimme it mei nei hûs!' sei de iene.
Heit hat noch wol 'n brûdmachine, dêr moast der mar ûnder!
En se gongen nei hûs.

De oare dei kamen de mannen ier yn 'e moarn út bêd, hienen se it no dreamt?
As de bliksem gongen se nei de stâl ta! En wat se doe seagen……



It aai wie wol trije kear sa grut wurden en passe hast net mear ûnder de brûdmachine!
'Heit…..!!!!' rôpen se tegelyk.

Heit kaam út de molkstâl 'Wêr is de brân?'
Doe seach heit it ek… de broek sakke him sawat  fan 'e kont.
 'No brekt myn klomp!' sei heit.
Dit hienen se noch nea sjoen, it wie 'n bysûnder barren!

'n wike letter, nei dat heit de brûdmachine oanpast hie,
kamen de beide broers middeis wer yn de stâl.
Ta harren grutte Fernuvering seagen de mannen dat it  aai útkaam wie.
Mar wêr wie de ynhâld…..?

Dat wie spitich! Heit hie de doar ipen litten stean….
Teloarstelle sjokten de mannen nei bûten …
Mar wat seagen se dêr no…., dêr op e grûn?  
Lytse fuotstappen yn it sânpaad….! 'folgje' rôpen se tegelyk.
Se rûnen oer it paad en kamen by de fierljepskansen út….

It liket wol dat it spoor dêr bjuster rûn….
Mar ynienen hearden se 'n lûd wat harren as muzyk yn de earen klonk!    
It lûd wie fan 'n Ljip….., mar dit mat wol 'n hiele grutte weaze!
En wat se doe seagen dêr fûl de mûle fan iepen..!

Dêr rûn oer de skânsen 'n ljip en die sprong yn e pols en ljepte oer it wetter…!!
'Wat 'n gek bist'…..rôpen de mannen!
'Fleane kin der net, mar ljeppe…. As de beste!'
De hiele middei ljepten se mei dat gekke bist.. en se hienen de measte wille!

Jûns wannear se tegearre oan de itenstafel sitte freget heit 'en hat der al 'n namme?'
De mannen sjogge inoar oan en raze dan tagelyks….. 'Ljeppie !!!'
Heit laket en seit 'Ljeppie de Ljip'

Ein.