Google+
©Martin de Jong
©Martin de Jong
©Martin de Jong
FK Fierljeppen Winsum 2011
FK Fierljeppen Winsum 2013
Fierljeppen Buitenpost
Welkom op de site van Frysk Ljeppers Boun!

Earepenning Tytsjerksteradiel foar Bart Helmholt

Ald-fierljepper Bart Helmholt hat sneon de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel krige. Op it Keningsljeppen yn Burgum waard de wedstriid efkes stillein en waard de ferhearde Helmholt nei foaren roppen troch loko-boargemaster Houkje Rijpstra.

Lees meer

Nard Brandsma kening fan Burgum mei nij pr fan 21.09 meter

By it keningsljeppen yn Burgum hat Nard Brandsma foar it earst oer de 21 meter ljept. Brandsma kaam yn syn seisde sprong ta 21.09, in nij persoanlik rekôr, en pakte sa de titel kening fan Burgum. Dêrmei is de Warkumer de tredde Fries nei Bart Helmholt en Oane Galama dy't de magyske grins fan 21 meter foarby ljept.

Lees meer

Jonge Wietse Nauta ljept topklasse-ôfstân yn Bûtenpost

Fierljepper Wietse Nauta wie woansdei de sportive útsûndering op in fierders matige ynhelwedstriid yn Bûtenpost. Nauta komt út yn de klasse jonges. Dêr wûn er mei in nij PR fan 18.47 meter. Dy ôfstân hie him brûns opsmiten by de topklassers.

Lees meer

Nard Brandsma fierwei de bêste ljepper yn Winsum

Nard Brandsma wie sneontejûn mei sprongen fan 20.66 en 20.90 meter fierwei de bêste ljepper yn Winsum. Yn de tredde wedstriid fan it seizoen naam er ek de liederstrui oer fan Thewis Hobma. Hobma waard twadde mei 19.01 en Sytse Bokma tredde mei 18.68.

Lees meer

Ysbrand Galama wint yn Bûtenpost net tsjinsteande misgreep

Fierljepper Ysbrand Galama hat sneontejûn yn Bûtenpost de twadde topklassewedstriid fan it seizoen wûn. En dat die er nettsjinsteande in misgreep doe't syn pols stilstie. Galama syn winnende ljep wie 19.69 meter, mar hy hie oer de 20 meter komme kinnen as dy misgreep der net west hie. Nard Brandsma waard mei 19.60 meter twadde by de senioaren en Sytse Bokma tredde mei in sprong fan 19.41 meter.

Lees meer

Thewis Hobma ljept fier op earste wedstriid fan it seizoen

Thewis Hobma hat sneon op de earste fierljepwedstriid fan it seizoen yn It Heidenskip in topprestaasje delset. Syn winnende sprong wie mar leafst 20,55 meter. Twadde waard Ysbrand Galama (19.65 meter) en tredde Nard Brandsma mei 19.60 meter. © foto Martin de Jong

Lees meer >>

Marit en Bart yn’e prizen

Marrit van der Wal, Antoinette de Jong, Ireen Wüst, Marrit Leenstra, Tristan Bangma, Pieter Weening, Marit Bouwmeester, Sanne Wevers, Liesette Bruinsma, Bart Helmholt, Alyda Norbruis en Suzanne Schulting. It binne de nammen fan de sporters dy't woansdeitejûn yn it Abe Lenstra Stadion eare waarden op it Sportgala Fryslân.

Fryske Sporter

Yn de kategory Fryske Sporter fan it Jier gie de titel nei Marrit van der Wal. De fierljepster sprong ôfrûne jier in nij Frysk en Nederlânsk rekôr: 17.58 meter. Ek waard se Frysk kampioen. Marrit naam it op tsjin skûtsjesiler Douwe Visser (De Sneker Pan) en keatser Daniël Iseger.

Oeuvrepriis

De Oeuvrepriis waard wûn troch Bart Helmholt. De fierljepper waard yn syn karriêre mar leafst sân kear Frysk en Nederlânsk kampioen en ljepte foarich jier in nij Nederlânsk rekôr: 21.64 meter. De priis wurdt takend troch de provinsje Fryslân op foardracht fan 'e faksjuery. By de oare kategoryen mocht it Fryske publyk har stim útbringe.

I
Sluiten

Bart Helmholt wint foar sânde kear it NK fierljeppen

Bart Helmholt is sneon foar de sânde kear Nederlânsk kampioen fierljeppen wurden. Yn Grypstsjerk wie de ljepper út Burgum de bêste mei in sprong fan 20.41 meter.

Lees meer>>

Oane Galama wint ljepperij yn Grypstsjerk

Oane Galama hat sneon it fierljeppen yn Grypstsjerk wûn mei in sprong fan 20.67 meter. Twad waard Nard Brandsma mei 20.57. Brandsma waard winner fan it fierljepklassemint. Syn bêste sân sprongen fan dit seizoen, oer 20 wedstriden, komt op in totaal fan 143.25 meter.

Lees meer >>

Fierljepper Nard Brandsma oppermachtich yn Drylts

Nard Brandsma wie sneontejûn de grutte man fan it fierljeppen yn Drylts. Hy ljepte as iennige topklasser twa kear oer de tweintich meter: 20.57 en 20.84.
Lees meer

Nard Brandsma wie sneontejûn de grutte man fan it fierljeppen yn Drylts. Hy ljepte as iennige topklasser twa kear oer de tweintich meter: 20.57 en 20.84. Yn de twa finalesprongen besocht de lieder fan it klassemint foar it earst oer de 21 meter te ljeppen, mar dat slagge net.
Foar it oare wie it in suterige ljepperij. Boppedat hiene in tal ljeppers in frij wykein nommen. Akke Talsma wûn mei 14.86 by de froulju en Bobby Zwaagman mei 17.98 by de junioaren. Wietse Nauta wie de bêste by de jonges mei 17.93, Sigrid Bokma wûn by de famkes mei 14.47.

By de topklassers waard Oane Galama twadde mei 19.28. Tirza Boschma krige de hannen opelkoar troch by de famkes op har thúsbarte twa kear in pr te ljeppen. Har fierste ôfstân is no 14.05. Ek Sander Elsinga wie bliid mei syn pr fan 16.16 by de jonges.

Sluiten

Marrit van der Wal ljept mei 17.58 Nederlânsk rekôr

Marrit van der Wal ljepte sneontejûn in nij Nederlânsk rekôr by it keningsljeppen yn Burgum. De Heidenskipster kaam yn har earste sprong nei 17 meter en 58 sintimeter yn it sânbêd.
Lees meer
Marrit van der Wal ljepte sneontejûn in nij Nederlânsk rekôr by it keningsljeppen yn Burgum. De Heidenskipster kaam yn har earste sprong nei 17 meter en 58 sintimeter yn it sânbêd. Dymphie van Rooijen fan 'e Polstokbond Holland wie rekôrhâldster mei 17.50 meter. Yn de finale, by it keningsljeppen begjinne alle finalisten wer sûnder ôfstân, ljepte Van der Wal 15.76, genôch foar de titel keninginne. Nard Brandsma waar kening mei 19.66 en Jarich Wijnstra de prins mei 16.29.
Sluiten

Hollânske ljeppers winne fierljeptwakamp fan Friezen

De Hollânske fierljeppers ha sneontemiddei yn Polsbroekerdam de twakamp fierljeppen wûn fan de Fryske ljeppers. It ferskil tusken Hollân en Fryslân wie 7.02 meter.
Lees meer

De Hollânske fierljeppers ha sneontemiddei yn Polsbroekerdam de twakamp fierljeppen wûn fan de Fryske ljeppers. It ferskil tusken Hollân en Fryslân wie 7.02 meter.

De fierste ôfstân by de froulju wie foar Klaske Nauta fan Drylts mei 16.03 meter. De sprong einige lykwols yn in blessuere foar Nauta. By de junioaren wûn Freark Kramer fan It Heidenskip mei in persoanlik rekôr fan 19.03 meter. Hessel Haanstra wie de bêste by de jonges mei in pr fan 17.21 meter. Nederlânsk kampioen Jaco de Groot wie de bêste by de senioaren mei 20.65 meter.

De konklúzje fan de bûnscoaches wie dat Hollân yn de breedte dúdlik de bettere wie.

By de senioaren waard Bart Helmholt tred mei 19.73 meter, fjirde waard Sytse Bokma mei 19.56 en Nard Brandsma einige as fyfde mei 19.34.

De twakamp yn meters.

Hollân395.37Fryslân388.35 (-7.02)
senioaren149,14 149.90 (+0.76)
froulju57.47 57.40 (-0.07)
junioaren68.85 68.37 (-0.48)
jonges64.86 59.44 (-5.42)
famkes55.05 53.24 (-1.81)

Sluiten

Bart Helmholt wint it fierljeppen yn Grypstsjerk

It fierljeppen yn Grypstsjerk is sneon wûn troch Bart Helmholt fan Burgum mei in finalesprong fan 21.07 meter. De Burgumer kaam yn de foarronde al ta 21.03 m. Ek Nard Brandsma liet him wer sjen. De klassemintslieder gie as fjirde de finale yn, mar dêr ljepte hy nei it twadde plak mei in nij pr fan 20.98 m. Oane Galama fan Wiuwert waard mei 19.38 tredde.

Opfallend wienen de prestaasjes fan de famylje Nauta fan Drylts: Klaske wûn de finale by de froulju (15.59), Jan Teade by de junioaren (17.24) en Wietse by de jonges (17.14).

Foar Wietse Nauta is it alwer de seisde titel op rige, hy wûn oant no ta alles. By de famkes yn de topklasse gie de winst nei Mare Dijkstra fan Molkwar mei in sprong fan 14.46, twadde waard dêr Sigrid Bokma fan Hylpen, sy sprong 14.35 meter.

Sluiten

Nard Brandsma wint fierljeppen yn Winsum

Nard Brandsma hat sneon it fierljeppen yn Winsum wûn. Hy sette by de fyfde kompetysjewedstriid fan it seizoen in winnende sprong del fan 20.70 meter. It wie syn fjirde oerwinning fan dit seizoen. Dêrmei troefde er de Noardburgumer Hannes Scherjon ôf dy't 20.15 meter sprong. Tredde waard Sytse Bokma út Hylpen mei in ljep fan 20.04 meter.

Marrit van der Wal út It Heidenskip kaam it fierst by de froulju mei 15.98 meter. Hiske Galama waard twadde mei 15.13 meter en Akke Talsma út Brantgum tredde mei 14.11 meter.Wietse Nauta fan Drylts wûn foar de fyfde kear op rige by de jonges, dizze kear mei in sprong fan 17.05 meter. Auke Zijlstra út Drylts waard mei in nij persoanlik rekôr fan 16.10 meter ferrassend twadde yn dizze kategory.

By de famkes gie de winst nei Sigrid Bokma út Hylpen. Sy ljepte foar de earste kear oer de 15 meter: 15.01. Inge Demmer út Warkum behelle ek in magyske grins. Sy kaam sneon yn Winsum foar de earste kear fierder as 14 meter: 14.01.

Opfallend yn de topklasse fan de manlju wie dat regearjend Frysk kampioen Oane Galama en mearfâldich Frysk kampioen Bart Helmholt beiden de finale net berikten yn Winsum.

De konkurrinten fan de Hollânske fierljepbûn wienen bysûnder op dreef. Dymphie van Rooijen ljepte sneon in nij nasjonaal rekôr by de froulju: 17.50 meter. Dêrmei ferbettere se har eigen rekôr. Se makke de rekôrsprong yn it Utrechtse Zegveld Jaco de Groot is de earste Hollanner dy't dit seizoen oer de 21 meter springt. Hy helle sneon yn datselde Zegveld de 21.04 meter.

Bron: Opens external link in new windowOmrop Fryslân

Sluiten

Nard Brandsma wint ljepperij Bûtenpost mei in PR: 20.97 m

Topklasser Nard Brandsma is net te hâlden. Hy ljepte by de fjirde wedstriid fan it seizoen yn Bûtenpost nei in nij persoanlik rekôr: 20.97 meter.
Lees meer

Topklasser Nard Brandsma is net te hâlden. Hy ljepte by de fjirde wedstriid fan it seizoen yn Bûtenpost nei in nij persoanlik rekôr: 20.97 meter. Yn de topklasse wie it twadde plak foar Oane Galama. Hy ljepte 20.48 meter. Sytse Bokma fan Hylpen waard tredde mei 19.18 meter. Bart Helmholt stelde teloar. Hy sprong twa kear wiet en ien kear 16.10 meter en miste dêrtroch de finale.

Yn de kategory junioaren gie de titel nei Freark Kramer mei 18.69 meter. Bysûnder wie dat Simon Willem Hoeksma út Ie in nij persoanlik rekôr sprong fan 18.43 meter.

By de froulju wûn Marrit van der Wal foar it earst net. Se waard twadde mei 14.25 meter. De winst gie nei regearjend Frysk kampioene Hiske Galama; 15.42 meter. Yn de kategory jonges wûn Wietse Nauta fan Drylts mei 16.24 meter. Hy is dit seizoen in klasse apart, want dit wie syn fjirde oerwinning op rige. By de famkes wûn Sigrid Bokma mei in sprong fan 14.70 meter.

Sluiten

Nard Brandsma wint fierljeppen yn It Heidenskip

Nard Brandsma hat sneon yn syn eigen wenplak It Heidenskip it fierljeppen wûn. Brandsma sprong yn de finale fan de topklasse 20.63 meter. Sytse Bokma út Hylpen waard twadde mei in nij persoanlik rekôr fan 20.53 meter. Bokma ljepte ferline jier noch by de junioaren. Tredde waard Oane Galama út Wiuwert mei in ljep fan 20.36 meter.

By de froulju wûn Marrit van der Wal fan It Heidenskip mei 16.26 meter. Anneke Broersma út Feanwâlden waard twadde mei in nij pr fan 15.09 meter.

Freark Kramer fan It Heidenskip wûn mei in pr fan 18.96 meter by de junioaren en Wietse Nauta fan Drylts mei 17.05 meter by de jonges. By de famkes gie der oerwinning nei Sigrid Bokma, it suske fan Sytse Bokma. Sy sette in ôfstân del fan 14.89 meter.

Der waard sneon útsûnderlik goed prestearre op It Heidenskip. Dit is noch mar de tredde wedstriid fan it seizoen en dochs wiene der al seis sprongen oer de 20 meter.

© Nard Brandsma wûn de thúswedstriid op It Heidenskip - Foto: Martin de Jong

Sluiten

Bart Helmholt wint Eelke Scherjon Memorial mei supersprong

Bart Helmholt hat sneontejûn it fierljeppen yn Burgum wûn dêr't de Eelke Scherjon Memorial hâlden waard. Yn syn earste wedstriid fan dit seizoen kaam er ta 21.08. Dat is bysûnder om't er oer it hiele seizoen ferline jier mar ien kear oer de 21 meter hinne ljept waard. Dat wie doe ek Helmholt, ein juny op It Heidenskip (21.04)

De winner fan ferline jier, Oane Galama, kaam sneontejûn ek foar it earst yn aksje. Hy helle de finale lykwols net. It sulver wie foar Nard Brandsma, hy sprong 20.31 meter.

Sluiten

Nu ook de finale van het FK 2015 te bewonderen op YouTube

Mocht je je tijdens de kerstvakantie vervelen en verlang je weer naar de zomer en het fierljeppen.., dan hebben we goed nieuws!

Nu ook naast de samenvatting en de volledige voorrondes, de hele finale (ruim 51 minuten) van het FK fierljeppen 2015 te bekijken bij de Omrop.

Special thanks to Freark Wijma! Bekijk hem hier of op YouTube.

Friezen suksesfol op Jeugd NK fierljeppen yn Grypstsjerk

De fryske fierljepjeugd hat har op it NK yn Grypstsjerk tige sterk sjen litten. By de jonges o/m 12 jier gie it goud nei Rutger Haanstra fan It Heidenskip. Hy gie yn'e finale syn Hollânske konkurrinten foarby mei 10.31. Kenzo Hielema en Twan Kastelein pakten sulver en brûns. By de froulju o/m 12 gie it noch better.

De titel gie nei Pytrix Westra fan Burgum mei 9.51. It sulver wie foar regearend Frysk kampioene Tirza Boschma út Drylts mei 9.38, en pleatselik favoryt Femke Rispens fan Grypstsjerk waard tredde mei 9.27.

De titels o/m 10 jier gienen beide nei Hollân. By de jonges wûn Roy Velis út Polsbroekerdam mei 8.95, en by de froulju wie Suzanna Mulder út Vlist de sterkste mei 7.70. Dêr wie sulver en brûns foar Lisse van der Knaap (7.66) en Manon Koehoorn (7.50) fan Drylts.

Foto: © Martin de Jong

Fierljeppen NK jeugd

Sluiten

Samenvatting Omrop Fryslân NK2015 Vlist

Samenvatting van de Nederlandse kampioenschappen fierljeppen in Vlist (ZH). Van de 12 te verdienen medailles gingen er 8 naar Friesland. De Hollanders wonnen er vier, maar pakten wel 3 keer goud. 