Tag: fierljeppen

Bart Helmholt wint it fierljeppen yn Grypstsjerk

It fierljeppen yn Grypstsjerk is sneon wûn troch Bart Helmholt fan Burgum mei in finalesprong fan 21.07 meter. De Burgumer kaam yn de foarronde al ta 21.03 m. Ek Nard Brandsma liet him wer sjen. De klassemintslieder gie as fjirde de finale yn, mar dêr ljepte hy nei it twadde plak mei in nij pr fan 20.98 m. Oane Galama fan Wiuwert waard mei 19.38 tredde.

Lees Meer

Nard Brandsma wint fierljeppen yn Winsum

Nard Brandsma hat sneon it fierljeppen yn Winsum wûn. Hy sette by de fyfde kompetysjewedstriid fan it seizoen in winnende sprong del fan 20.70 meter. It wie syn fjirde oerwinning fan dit seizoen. Dêrmei troefde er de Noardburgumer Hannes Scherjon ôf dy’t 20.15 meter sprong. Tredde waard Sytse Bokma út Hylpen mei in ljep fan 20.04 meter.

Lees Meer

Nard Brandsma wint fierljeppen yn It Heidenskip

Nard Brandsma hat sneon yn syn eigen wenplak It Heidenskip it fierljeppen wûn. Brandsma sprong yn de finale fan de topklasse 20.63 meter. Sytse Bokma út Hylpen waard twadde mei in nij persoanlik rekôr fan 20.53 meter. Bokma ljepte ferline jier noch by de junioaren. Tredde waard Oane Galama út Wiuwert mei in ljep fan 20.36 meter.

Lees Meer

Friezen suksesfol op Jeugd NK fierljeppen yn Grypstsjerk

De fryske fierljepjeugd hat har op it NK yn Grypstsjerk tige sterk sjen litten. By de jonges o/m 12 jier gie it goud nei Rutger Haanstra fan It Heidenskip. Hy gie yn’e finale syn Hollânske konkurrinten foarby mei 10.31. Kenzo Hielema en Twan Kastelein pakten sulver en brûns. By de froulju o/m 12 gie it noch better.

Lees Meer

Thomas Helmholt hâldt op fan fierljeppen

Fierljepper Thomas Helmholt set in punt achter syn karriêre. De 28-jierrige Burgumer makke dat sneon bekend op it NK Fierljeppen yn Vlist. Helmholt naam stylfol ôfskie troch dêr knap de finale te heljen dêr’t hy úteinlik as fyfde einige. Earder dit seizoen wûn Thomas Helmholt noch in nasjonale kompetysjewedstryd yn Zegveld mei 20.25 m.

Lees Meer
Loading

Nieuws Archief