Omrop Fryslân pakt op sneon 8 augustus grut út mei it tredde iendaachse grutte sport- en kultuerevenemint fan ‘e simmer: it Frysk Kampioenskip fierljeppen yn Winsum. Wy binne der live by fan 14:30 ôf.

It belooft dit jier in spannend kampioenskip te wurden. Yn de topklasse hawwen njonken Bart Helmholt ek Thewis Hobma en Hannes Scherjon sjen litten dat se oer de tweintich meter springe kinne.

(bron: www.omropfryslân.nl)