Thewis Hobma hat sneontejûn it keningsljeppen fan Burgum wûn. De regearend Nederlânsk kampioen ljepte yn de finale 20.68. Nard Brandsma waard twadde mei 20.42. Yn de foarronde foar it klassemint wie Brandsma noch fierder, doe sprong er in persoanlik rekôr fan 20.88.