NFM ferreind, snein finale
It Heidenskip - De Nasjonale Fierljep Manifestaasje (NFM) op It Heidenskip is sneontejûn folslein yn it wetter fallen. Oerdei mei de kwalifikaasje wie it ek al in lijen. Mei in protte opûnthâld, reinwetter en fierljeppen is gjin lokkich houlik, kamen dochs de finalisten op papier. Dy finale wurdt no sneintemiddei om healwei trijen ljept.