Yn de Twadde Keamer wurdt dizze wiken de nije mediawet behannele. As de plannen oannommen wurde dan sjocht it der min út foar Omrop Fryslân. Ferline jier is troch de ministers Donner en steatssekretaris Bijleveldt tasein dat Omrop Fryslân in “status aparte” krije soe en net koarten wurde soe op it lanlike budzjet yn de mediawet. It Ryk hat yn de bestjoersôfspraak erkend dat it Frysk as twadde rykstaal in folsleine en alsidige programmearring ha moat. Fan beide is yn de ûntwerpwet gjin sprake. Yn plak fan de swetten út te lizzen sil de Omrop him krekt beheine moatte ta it heechst needsaaklike. Op twa punten binne wy it perfoarst net iens mei de útstellen lykas dy der no lizze:

  • Omrop Fryslân wurdt behannele as wie it in gewoane regionale stjoerder
  • De besunigings sille in alsidige programmearring bot yn ‘e wei stean

De Ried fan de Fryske Beweging en De Freonen fan Omrop Fryslân roppe eltsenien op de petysje op dizze hiemside te tekenjen. Wy litte ús dochs sa de bûter net fan it brea ite? Help ús en tekenje de petysje:

Romte foar Omrop Fryslân
.

Under it knopke útlispetysje kinne jo mear lêze oer de eftergrûn fan de petysje.

Teken HIER de petitie