Beste fierljepfreonen,

Op tiisdeitemoarn 7 febrewaris 2012 is thús yn Noardburgum Eelke Scherjon ferstoarn. Eelke is 56 jier âld wurden en wie de lêste tiid slim syk. Wy ferlieze yn him in bysûnder sympatike en markante fierljepfreon.

Hy hie in waarme belangstelling foar en in sterke belutsenens mei it fierljeppen. Hy toande dit by herhelling net allinne saaklik as bordsponsor, mar foaral ek persoanlik sûnt lange tiid.
Earst as in dreaun en súksesfol ljepper mei as bekroaning de Fryske titel by de junioaren yn 1974. Letter yn 1978 wie hy ien fan de oprjochters fan de ôfdieling Burgum. Noch mar koartlyn yn 2006, wie hy de gasthear by de start fan it 50-jierrich jubileum fan it Frysk Ljeppers Boun en ien fan de organisatoaren fan de fierljeptentoanstelling ‘Fryslân ljept’ yn syn klompenmuseum yn Noardburgum.

Hy wie kreatyf en handich mei hout, sa makke hy spesjale en unike prizen yn ‘e foarm fan in steande klomp foar de kampioenen fan de jubileumwedstryd yn Winsum.
Op ‘e bult by de fierljepwedstriden en yn de ‘tredde helte’ wie in elk graach by neite fan Eelke. Hy wie sosjaal en gesellich, altyd fleurich, hie humor en koe prachtich fertelle. In prachtminske is hinnegien, in bysûnder grut ferlies foar Marie, de bern en fierdere famylje.

Us tinzen fan meilibjen en dielnimming geane nei harren út. Wy sille Eelke mei in soad respekt, wurdearring en as in fierljepfreon betinke.

Ut namme fan it Frysk Ljeppers Boun,

Jelle Roorda, foarsitter