Category: Omrop Fryslân

Thewis Hobma pakt oerwinning by it Keningsljeppen

Fierljepper Thewis Hobma kin op ‘e nij in oerwinning byskriuwe. De ljepper út Harns pakte sneontejûn de titel by it Keningsljeppen yn Burgum. Dêrom mei hy himsels no Kening neame. In passende titel foar de ljepper dy’t dit seizoen al safolle prizen wint. It twadde plak wie foar Nard Brandsma (20.25), Ysbrand Galama (19.58) waard tredde.

Lês Mear

Junior Jan Teade Nauta ferrast by fierljeppen yn Grypstsjerk; Brandsma wint by manlju

Fierljepper Jan Teade Nauta fan Drylts hat woansdeitejûn yn de sechsde wedstriid fan it seizoen foar in grutte ferrassing soarge. De junior ljepte yn Grypstsjerk it fierste fan alle dielnimmers en pakte mei 19.45 meter dan ek de oerwinning by de junioaren. Foar Nauta lei dy oerwinning net foar de hân; hy wie krekt werom fan in staazje fan fiif moannen yn Kanada en hie noch net op ‘e skâns stien.

Lês Mear
Loading