No sneon 14-8-21: Fryslân tsjin Hollân yn Vlist

Ienris per jier is it fierljeppen in teamsport. Dit is by de Twakamp, de Friezen tsjin de Hollanners.
De 24 bêste Friezen stride dan tsjin de 24 bêste Hollanners. Fan eltse ljepper jildt fan 4 sprongen de fierste ôfstân en dizze ôfstannen wurde by inoar opteld. It lân mei de measte meters hat wûn. Ofrûne jierren wienen dat faak de Hollanners, mar de lêste kear hat Fryslân wûn en dat wolle we wer!!!
De Fryske striders binne fanôf 13.40 live te sjen fia de livestream fan Omrop Fryslan. Foarich jier wie it super spannend en wie it ferskil mar in lytse 2 meter… hoe komt it no? It wurdt wis wer in thriller, mis it net en moedigje ús matadoaren oan!

Share on facebook
Facebook
Share on twitter
Twitter
Share on linkedin
LinkedIn