Thewis Hobma – Foto: Martin de Jong

Fierljepper Thewis Hobma kin op ‘e nij in oerwinning byskriuwe. De ljepper út Harns pakte sneontejûn de titel by it Keningsljeppen yn Burgum. Dêrom mei hy himsels no Kening neame. In passende titel foar de ljepper dy’t dit seizoen al safolle prizen wint. It twadde plak wie foar Nard Brandsma (20.25), Ysbrand Galama (19.58) waard tredde.

Thewis Hobma

by Freark Wijma | Thewis Hobma pakt Keningstitel

Brandsma makket yndruk

Yn de foarronde wie der in reuzesprong fan Nard Brandsma. Hy ljepte yn syn tredde sprong mar leafst nei 21.54 meter. Dat wie in persoanlik rekôr foar de man út Warkum. It is ek de op ien nei fierste sprong ea yn Fryslân. Mar omt hy by it Keningsljeppen de ljeppers yn de finale wer op nul begjinne, telde de sprong net mei foar de einoerwinning.

Nard Brandsma

by Freark Wijma | Nard Brandsma wol de fierste, mar gjin kening

By it Keningsljeppen wurdt der ljept om de titels fan Kening, Keninginne en Prins. De wedstriid is bysûnder om’t ljeppers yn de finale wer op nul begjinne. It kin dus barre dat ien yn de foarronde fierder ljept as de winnende finalesprong. De trije winners slute de jûn ôf mei in sprong mei de Fryske flagge yn de top fan de pols.

Keninginne en Prins

Sigrid Bokma pakte mei in ôfstân fan 15.02 de titel fan Keninginne. Yn de finale ljepte sy fierder as Anneke Broersma (14.87) en Fardau van Akker (14.57). De titel fan Prins gie nei Wisse Broekstra, dy’t mei in sprong fan 16.88 meter de baas wie oer Rutger Haanstra (16.38) en Renzo Zwaagman (15.44).

Sigrid Bokma

by Freark Wijma | Sigrid Bokma wurdt Keninginne yn Burgum