Age Hulder ljepte freedtejûn yn Bûtenpost like fier as Hollanner Jaco de Groot yn 2006 yn Linschoten. Doe sette De Groot it Nederlânsk rekôr by de junioaren op 20.41 meter. Age Hulder mei him no dield rekôrhâlder neame. Fansels wie it ek in nij Frysk rekôr en in skânsrekôr by de junioaren. By de senioaren wûn Bart Helmholt mei 21.17, ek in skânsrekôr.