Bart Helmholt hat sneontejûn it fierljeppen yn Burgum wûn dêr’t de Eelke Scherjon Memorial hâlden waard. Yn syn earste wedstriid fan dit seizoen kaam er ta 21.08. Dat is bysûnder om’t er oer it hiele seizoen ferline jier mar ien kear oer de 21 meter hinne ljept waard. Dat wie doe ek Helmholt, ein juny op It Heidenskip (21.04)

De winner fan ferline jier, Oane Galama, kaam sneontejûn ek foar it earst yn aksje. Hy helle de finale lykwols net. It sulver wie foar Nard Brandsma, hy sprong 20.31 meter.