De ljepperij yn Burgum levere yn ‘e topklasse gjin topsprongen op. It waard in bruorrestriid tusken Oane en Ysbrand Galama. Ysbrand pakte ferrassend syn earste titel fan it seizoen. Hy sprong in ôfstân fan 19.80. Oane Galama waard twadde mei 19.48, foar Age Hulder mei 19.16. Opfallend wie ek dat Bart en Thomas Helmholt op harren thúsbarte net iens de finale hellen.

By de froulju gie de titel nei Klaske Nauta. Sy ljepte 15.75. By de junioren wie grutte favoryt Sytse Bokma fierwei de sterkste: hy sprong 18.93. By de jonges gie de winst ferrassend nei Jarich Wijnstra út Tsjom mei in nij pr fan 17.66. Maureen Poiesz wûn by de famkes mei 14.14. Sneon 8 augustus binne de Fryske kampioenskippen yn Winsum.

In tal topsprongen yn Burgum

Foarútsjoch op it FK fierljeppen 2015 mei Rimmer Abma


Ysbrand Galama pakt earste oerwinning yn de topklasse


Klaske Nauta toant foarm foar FK


Sytse Bokma grutte favoryt foar Fryske junioaretitel


Ald topljepper Rimmer Abma oer de kânshawwers fan it FK 2015