Fjouwer fan de tsien leden fan de Technyske Kommisje fan it Frysk Ljeppers Boun binne út eigen beweging opstapt. Ien fan harren is TC-lid Willem Fonk. Foarsitter Jouke Jansma seit dat der ûnrêst binnen it bûn is nei in konflikt by it NK fierljeppen op It Heidenskip, fan ’t simmer.