Friezen suksesfol op Jeugd NK fierljeppen yn Grypstsjerk
De fryske fierljepjeugd hat har op it NK yn Grypstsjerk tige sterk sjen litten. By de jonges o/m 12 jier gie it goud nei Rutger Haanstra fan It Heidenskip. Hy gie yn'e finale syn Hollânske konkurrinten foarby mei 10.31. Kenzo Hielema en Twan Kastelein pakten sulver en brûns. By de froulju o/m 12 gie it noch better.