Frysk Ljeppers Boun klear foar seizoen, sûnder ponghâlder
It Frysk Ljeppers Boun is klear foar it nije seizoen, mar siket noch wol in ponghâlder. Johanna Deinum fan De Lemmer hâldt der mei op, mar bliuwt wol belutsen by it ljeppen. Yn it winterskoft hat it bestjoer in protte wurk fersetten.