Marrit van der Wal hat tongersdeitejûn yn Drylts in nij Frysk rekôr ljept. De Heidenskipster ljepte 16.57 meter en dat wie tsien sintimeter fierder as it âlde rekôr fan Hilianne van der Wal út 2013. Klaske Nauta ferbettere it klassemintsrekôr fan de bêste sân sprongen.