Bart Helmholt is sneon foar de sechde kear Frysk kampioen fierljeppen wurden. Helmholt syn winnende sprong wie 20 meter 82. Ysbrand Galama waard twadde en Thewis Hobma tredde. By de froulju waard Klaske Nauta fan Drylts foar it earst Frysk kampioene. Sy sprong 14 meter 39. Hilianne van der Wal en Grytsje Abma waarden twadde en tredde.

lees meer>>