Bart Helmholt hat sneon de tredde wedstriid yn de nasjonale fierljepkompetysje wûn. It Súd-Hollânske Vlist sprong de Fries 20.81 meter. Twadde waard de Hollanner Jaco de Groot mei 20.19 meter en tredde de Fries Nard Brandsma mei 19.65.