Hollanners winne twakamp fan Fryslân by fierljeppen Burgum
De fyftichste jiergong fan de twakamp fierljeppen yn Burgum is sneon wûn troch de Hollânske ljeppers. De Hollanners fersloegen de Fryske ljeppers mei 2 meter en 9 sintimeter.