Klaske Nauta fan Drylts waard sneon nasjonaal kampioen fierljeppen yn Vlist. Nauta sprong yn har lêste finalesprong 16 meter 31. Dêrmei gie se Hiske Galama foarby. Nauta is foar it earst Nederlânsk kampioen.

Alle oare titels giene nei Hollânske ljeppers. Jaco de Groot wûn by de senioaren yn 20.25. Erwin Timmerarends wûn by de junioaren yn 19.79. Gerwin Kastelein wûn by de jonges yn 17 meter 17. By de senioaren waard Thewis Hobma twadde en Bart Helmholt tredde.

Ek yn de oare kategoaryen giene twadde en tredde plakken nei Fryske ljeppers. By de junioaren waard Bobby Zwaagman twadde en Sytse Bokma tredde. By de jonges wie it sulver foar Jarich Wijnstra en it brûns foar Wietse Nauta.

De kampioenen fan it NK Fierljeppen 2015


Klaske Nauta nei har earste nasjonale titel

Koos Wieling mei Klaske Nauta en Hiske Galama

Jarich Wijnsma en Bobby Zwaagman

Thewis Hobma

It ferslach fan de froulju op it NK fierljeppen