Marrit van der Wal earste fierljepster oer de 17 meter
Fierljepster Marrit van der Wal is de earste frou dy't de magyske grins fan 17 meter trochbrutsen hat. Yn Drylts kaam de Heidenskipster ta 17.02 yn har tredde sprong. Dat is rom fierder as har eigen âlde Fryske rekôr (16.57), en ek as it Nederlânske rekôr fan Dymphie van Rooijen (16.91).