De earste fierljepwedstriid fan 2015 is wûn troch Oane Galama. De topklasser út Wiuwert wie yn de finale de sterkste mei 20.55 m. Yn de foarrondes kaam Bart Helmholt ta 20.08 m. It tredde plak gie nei Alwin Fonk mei 19.39 m. By de junioaren gie de winst nei Sytse Bokma (18.86), en Jos Bethlehem wie de sterkste by de jonges (14.77). De froulju ljepten foar it earst yn twa klassen. De kategory famkes oant 16 jier waard wûn troch Bente Vlas út Heech mei in pr fan 13.50 m. By de froulju boppe de 16 jier pakte Hiske Galama de winst (15.23).

Oane Galama wint Eelke Scherjon Memorial yn Burgum

Highlights en winnaars fierljeppen Burgum

 

Harkje nei Oane Galama

Bart Helmholt oer de Wedstriid

Harkje nei Hiske Galama