Oane Galama hat op superieure wize it fierljepseizoen iepene. Mei in sprong fan 20.95 m wie de Heidenskipster fierút de sterkste yn Bûtenpost. Dy ôfstân is net allinnich in nij skânsrekôr, ek is der noch nea sa fier ljept by in iepeningswedstriid. Thomas Helmholt út Burgum waard twadde mei eksakt in meter minder: 19.95 m. Favoryt Bart Helmholt waard fiifde mei 18.94 m.