Thewis Hobma oermachtich by fierljeppen yn Bûtenpost
Thewis Hobma fan Harns hat sneontejûn de fierljepwedstriid yn Bûtenpost wûn. By de senioaren pakte er de oerwinning mei in sprong fan 20.26 meter. Opmerklik wie dat dat syn alderearste sprong wie en dêrmei wie er ek de iennichste dy't oer de tweintich meter ljepte.