Fierljepper Thomas Helmholt fan Burgum hat syn twadde oerwinning fan it seizoen te pakken. Yn Gryptsjerk ljepte hy in nij persoanlik rekôr fan 20.60. Yn de finale kaam hy dêrmei fierder as Oane Galama, dy’t nei trije sprongen mei 20.47 oan de lieding gie. Bart Helmholt waard tredde mei 20.04.