12 november, 2011 – 11:09

It plan dat opsteld is om de World Sport of All Games nei Fryslân te heljen moat no ûnderdiel wurde fan de Kulturele Haadstêd. Dat seit foarsitter Jelle Roorda fan it Frysk Ljeppersboun. Hy is de man dy’t de earste plannen makke om de Olympyske Spelen foar lytse sporten nei Fryslân te heljen.

 

Roorda is flink teloarsteld dat de sjuery freed foar Yndonezië keas en net foar Fryslân. Hy tinkt dat de 60.000 euro dy’t útjûn is foar de tarieding net weismiten is en brûkt wurde kin foar de Kulturele Haadstêd 2018.

Jelle Roorda fan it ljeppersbûn