Fierljepper Ysbrand Galama hat sneontejûn yn Bûtenpost de twadde topklassewedstriid fan it seizoen wûn. En dat die er nettsjinsteande in misgreep doe’t syn pols stilstie. Galama syn winnende ljep wie 19.69 meter, mar hy hie oer de 20 meter komme kinnen as dy misgreep der net west hie. Nard Brandsma waard mei 19.60 meter twadde by de senioaren en Sytse Bokma tredde mei in sprong fan 19.41 meter.

Lees meer