De FLB stribbet dernei dat safolle mooglik minsken yn de kunde komme mei it fierljeppen, dat kin as sporter, as frijwilliger as taskôger by de wedstriden, mar ek fia de sosjale media binne wy goed yn byld: “Iedereen maakt kennis met het fierljeppen”.
Sûnt 1960 wurdt it fierljeppen yn wedstriidferbân organisearre troch it FLB, yn ‘e mande mei de oansletten ferienings. Fierljeppen is in echte simmersport; de wedstriden begjinne yn maaie en einigje yn septimber mei it Nederlânsk kampioenskip. Fierljeppen liket al lang net mear op it sleatsjespringen. Alle jierren wurde rekôrs ferbettere, manlju senioaren topklasse springe geregeld fierder as 20 m. Foar de jeugd binne by elke feriening twa jeugdskânskes oanlein en ek sy hawwe har eigen wedstriidkompetysje.
As FLB kinne wy it net allinnich, wy hawwe de ferienings, de ljeppers, de âlders, de bûnen, en de frijwilligers nedich om de fierljepsport op heger nivo te krijen. Troch safolle mooglik kennis, kunde en ûnderfinings mei elkoar te dielen komme wy fierder. De fyzje foar 2022 -2027 is: “Gearwurkje om it fierljeppen fierder te ûntwikkeljen ”. “Samenwerken om het fierljeppen verder te ontwikkelen’’.
Etty Kramer-Spriensma
Foarsitter FLB
Sûnt 2020 meie wy mei grutsk sizze dat It Frysk Ljeppers Boun trije nije haadsponsoaren hat: Bouwgroep Dijkstra Draisma, Rabobank en FB Oranjewoud. De organisaasjes stypje meielkoar de fjouwer Fryske sportbûnnen: de Sponsorstichting Gewest Fryslân KNSB, de Koninklijke Nederlandse Kaats Bond (KNKB), de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (Sks) en it Frysk Ljeppers Boun (FLB). Wy binne enoarm bliid mei dizze sponsor-oerienkomst dy't der voor soarget dat wy it fierljeppen nei in heger nivo bringe kinne.