Frysk Ljeppers Boun

It plak foar it fierljeppen!

De FLB stribbet dernei dat safolle mooglik minsken yn de kunde komme mei it fierljeppen, dat kin as sporter, as frijwilliger as taskôger by de wedstriden, mar ek fia de sosjale media binne wy goed yn byld: “Iedereen maakt kennis met het fierljeppen”.

Sûnt 1960 wurdt it fierljeppen yn wedstriidferbân organisearre troch it FLB, yn ‘e mande mei de oansletten ferienings. Fierljeppen is in echte simmersport; de wedstriden begjinne yn maaie en einigje yn septimber mei it Nederlânsk kampioenskip. Fierljeppen liket al lang net mear op it sleatsjespringen. Alle jierren wurde rekôrs ferbettere, manlju senioaren topklasse springe geregeld fierder as 20 m. Foar de jeugd binne by elke feriening twa jeugdskânskes oanlein en ek sy hawwe har eigen wedstriidkompetysje. 

As FLB kinne wy it net allinnich, wy hawwe de ferienings, de ljeppers, de âlders, de bûnen, en de frijwilligers nedich om de fierljepsport op heger nivo te krijen. Troch safolle mooglik kennis, kunde en ûnderfinings mei elkoar te dielen komme wy fierder. De fyzje foar 2022 -2027 is: “Gearwurkje om it fierljeppen fierder te ûntwikkeljen ”. “Samenwerken om het fierljeppen verder te ontwikkelen’’.

Etty Kramer-Spriensma

Foarsitter FLB

Volgende wedstrijden

 DatumTiidPlakNamme
1wo 20-05-202619:00Burgum1e klasse (= afgelaste wedstrijd van 16 mei)
2za 23-05-202610:30WinsumJongerein
3za 23-05-202613:00Winsum3e klasse
4za 23-05-202615:30Winsum2e klasse
5za 23-05-202619:00Winsum1e klasse
6di 26-05-202619:00Buitenpost2e klasse
Er zijn geen wedstrijden gepland

Aginda

07 juni21:00 uur
1e Promotie / Degradatie
28 juni21:00 uur
2e Promotie / Degradatie
26 juli21:00 uur
3e Promotie / Degradatie
09 augustus21:00 uur
4e Promotie / Degradatie
14 november19:30 uur
Fierljepgala FLB 2026 - Partycentrum De Halte in Niekerk (Groningen)

Folgje ús op Instagram
@fryskljeppersboun

It FLB wurket mei-inoar mei Rabobank, Bouwgroep Dijkstra Draisma en Fb Oranjewoud oan it befoarderje fan in sûn en fitaal Fryslân

De ferienings fan Fryslân en Grins

De haadsponsoaren De Friese Rabobank, Bouwgroep Dijkstra Draisma en Fb Oranjewoud ferlingjen it sponsorkontrakt fan it Frysk Ljeppers Boun mei 5 jier

Us haadsponsoaren

Sûnt 2020 meie wy mei grutsk sizze dat It Frysk Ljeppers Boun trije nije haadsponsoaren hat: Bouwgroep Dijkstra Draisma, Rabobank en FB Oranjewoud. De organisaasjes stypje meielkoar de fjouwer Fryske sportbûnnen: de Sponsorstichting Gewest Fryslân KNSB, de Koninklijke Nederlandse Kaats Bond (KNKB), de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (Sks) en it Frysk Ljeppers Boun (FLB). Wy binne enoarm bliid mei dizze sponsor-oerienkomst dy't der voor soarget dat wy it fierljeppen nei in heger nivo bringe kinne.

 

Ús sub-sponsoren

Njonken ús haadsponsoaren binne wy ek bliid mei ús trouwe sub-sponsoren. Mei-inoar fersterkje wy elkoar op de lokale merke. Wy binne tankber foar; Flyerprint, PTH Groep, Muta Sport, McDonald’s Ljouwert & Goutum en Geomaat.