Ljeppersferiening

De ljeppersferiening; Foar ljeppers, troch ljeppers!
De ljeppersferiening bestiet út seis talenteare fierljeppers dy't de belangen fan alle ljeppers behertigje mei as doel it ferbetterjen fan de fierljepsport. Fan elke feriening binnen de FLB is der in ljepper belutsen yn dizze groep. Dêrnjonken is de ljeppersferiening ek fertsjintwurdige yn it haadbestjoer fan it FLB. De ljeppersferiening hat dêrtroch koarte linen én ynspraak by kommisjes en bestjoeren fan de FLB en de ferienings.
 
Mocht je voor, tijdens of na het seizoen vragen, opmerkingen, suggesties of klachten hebben. Spreek ons aan tijdens een wedstrijd of laat een bericht achter in onze digitale postbus. Deze is te bereiken door de QR-code te scannen die vanaf seizoen 2024 op de polsenkar geplakt zit én via de officiële website van het FLB onder het kopje ‘ljeppersvereniging’.
 
Om alle ferbetterpunten goed ynsichtlik te krijen, sil der nei ôfrin fan it seizoen ûnder alle aktive ljeppers in enkête ferstjoerd wurde om it seizoen te evaluearjen. Alle oandacht- en evaluaasjepunten wurde sammele, beoardielt, en úteinlik dield mei it haadbestjoer.
 
In gearwurking mei de bûnskoaches fan it twakamp wurdt der jierliks foarôfgeand oan de twakamp in aktiviteit foar (meidwaanende) ljeppers organisearre. Ek foar it kommende seizoen steane de earste ideeën al op papier.
 
Koartsein; wy as ljeppersferiening steane foar dy as ljepper klear en binne derfan oertsjûge dat wy der mei syn allen wer in fantastysk fierljepseizoen fan meitsje sille.
 
Mei sportieve groet,
De Ljeppersferiening
Thijs Faasen, Benny van der Ploeg, Auke Zijlstra, Gerbrich Steensma, Siem Lefferts & Rutger Piersma

Kontakt
Thijs Faassen
LV@fierljeppen.frl
 
Postbus LV
Wolsto iets witte litte oan de Ljeppersferiening? Dat kin!
Dit mei anoniem. Mar ast wol in reaksje werom ha wolst, fermeld dan wol dyn namme en e-mailadres.

Lit in berjocht efter yn de postbus LV.

 

Thijs Faassen

Ofdieling Winsum

Benny van der Ploeg

Ofdieling Grijpskerk

Auke Zijlstra

Ofdieling Drylts

Gerbrich Steensma

Ofdieling Bûtenpost

Siem Lefferts

Ofdieling Burgum

Rutger Piersma

Ofdieling It Heidenskip