Frysk Ljeppers Boun

It plak foar it fierljeppen!

De FLB stribbet dernei dat safolle mooglik minsken yn de kunde komme mei it fierljeppen, dat kin as sporter, as frijwilliger as taskôger by de wedstriden, mar ek fia de sosjale media binne wy goed yn byld: “Iedereen maakt kennis met het fierljeppen”.

Sûnt 1960 wurdt it fierljeppen yn wedstriidferbân organisearre troch it FLB, yn ‘e mande mei de oansletten ferienings. Fierljeppen is in echte simmersport; de wedstriden begjinne yn maaie en einigje yn septimber mei it Nederlânsk kampioenskip. Fierljeppen liket al lang net mear op it sleatsjespringen. Alle jierren wurde rekôrs ferbettere, manlju senioaren topklasse springe geregeld fierder as 20 m. Foar de jeugd binne by elke feriening twa jeugdskânskes oanlein en ek sy hawwe har eigen wedstriidkompetysje. 

As FLB kinne wy it net allinnich, wy hawwe de ferienings, de ljeppers, de âlders, de bûnen, en de frijwilligers nedich om de fierljepsport op heger nivo te krijen. Troch safolle mooglik kennis, kunde en ûnderfinings mei elkoar te dielen komme wy fierder. De fyzje foar 2022 -2027 is: “Gearwurkje om it fierljeppen fierder te ûntwikkeljen ”. “Samenwerken om het fierljeppen verder te ontwikkelen’’.

Etty Kramer-Spriensma

Foarsitter FLB

Oerkoepelende Bûn

Nederlandse Fierljep Bond

De Nederlandse Fierljepbond (NFB) is oprjochte mei it doel om it fierljeppen yn Nederlân te behâlden, te befoarderjen en yn goede banen te lieden.

Op dit stuit binne der twa bûnen oansletten. Dit binne de Frysk Ljeppers Boun (FLB) en de Polsstok Bond Holland (PBH). Mei elkoar fertsjintwurdigje sy in groep fan likernôch 600 aktive fierljeppers yn Nederlân. De PBH en de FLB hawwe elkenien in aparte wedstriidkompetysje en yn trije mienskiplike wedstriden stride se tsjin elkoar: De Twakamp, de Nederlânske Fierljep Manifestaasje yn It Heidenskip en it Nederlânsk Kampioenskip.

Lês mear op nederlandsefierljepbond.nl

De Fryske bûn

Frysk Ljeppers Boun

It Frysk Ljeppers Boun is de Fryske Bond dêr't 6 ferienings by oansletten binne, wêrûnder ek it Grinslânske Grijpskerk. Al sûnt de oprjochting yn 1960 wurde der yn de simmer wedstriden organisearre, gemiddelde sa'n 25 stiks. Op 10 augustus 1957 organisearret De Fryske Ljeppers Kommisje (FLK), ûnder de auspysjes fan de Bond fan Fryske Fûgelwachten (BFVW), de earste offisjele fierljeppwedstriid yn Winsum. Hjir wurde ek jierliks de Fryske Kampioenskippen hâlden. Klik HJIR foar in moai oersicht fan alle FK's.

Op ús webside binne in soad leuke statistiken te besjen ûnder it kopke Statistiken.

De Hollânske Bûn

Polsstok Bond Holland

De Polsstokbond Holland (PBH) is it bûn foar it fierljeppen yn de regio Utrecht. Yn dizze regio binne seis ferienings aktyf. Sûnt it begjin fan de oprjochting binne der yn Hollân steevast goeie fierljeppers dy't altyd wer in sportive striid oangeane mei de Fryske fierljeppers. It komt ek geregeld foar dat ljeppers fan de iene bûn nei de oare switche troch wurk of stúdzje.

Lês mear op pbholland.com

Us maskotte

Ljeppie de Ljip

De maskotte fan it Frysk Ljepper Boun is Ljeppe de Ljip!

fr_FRFR