Wat is fierljeppe?

Fierljeppe of polsstokfierspringe in sport wêrby't in atleet mei help fan in pols in sa grut mooglike ôfstân oer it wetter oerbrêget. De betsjutting fan fierljeppen is “ver springen”. “Fier” is Frysk foar “ver” en “ ljeppe ” betsjut “springen”. Immen dy’t de sport beoefenet is in “fierljepper” of “ljepper”.

 

Omskriuwing fierljepsprong
De fierljepsprong set útein mei in koarte fûle sprint, de oanrin, fan sa'n 30 meter nei de pols, folge troch in sprong nei de stôk, de ynsprong. Dêrnei klimt de fierljepper 3 - 6 m nei de top fan de pols en makket de ljepper in útsprong en lânet yn it sânbêd.

 

Polsstôk
De polsstôk is fan karbon en is tusken de 9 en 13,25 m. lang. Famkes brûke in polsstôk fan 9 à 10 m. en hearen-senioaren brûke in polsstôk fan 11 m. dêr't se eventueel in ferlingstik, in top, op sette. De maksimaal tastiene lingte fan in pols is 13,25 m. Eartiids wiene de polzen earst fan hout en letter fan aluminium.

 

Skâns en wetterbreedte
It lêste stik fan de oanrin nei de pols giet oer in skâns. De skâns is in konstruksje dy't diels yn it wetter stiet en diels op de grûn stiet. In skâns kin langer of koarter makke wurde. Hoe fierder in skâns yn it wetter stiet, hoe lytser de ôfstân oer it wetter is. De skâns fan de froulju en de famkes stiet it fierst yn it wetter, de wetterbreedte metten fan it einpunt fan de skâns ôf oant de râne fan it sânbêd is 9 m. De skâns fan de hearen-senioaren stiet it minst fier yn it wetter; hjir is de wetterbreedte 12 m.

 

Ofstân pols en skâns 
De pols stiet foar de sprong al yn it wetter en wurdt op ôfstân fan de skâns hâlden. De persoan dy't mei in stôk de pols op ôfstân fan de skâns hâldt is de polshâlder. Mar ek de stôk dy't de pols of ôfstân hâldt wurdt polshâlder neamd.
Hoe fierder in polsstôk fan de skâns yn it wetter stiet, hoe fierder der sprongen wurde kin. De fierljepper of ien fan syn trainers set de pols op de winske ôfstân yn it wetter del.
De fierljepper of diens trainers zet de polsstok op de gewenste afstand in het water.

 

Klimme
Om fierder fierljeppe te kinnen moat in ljepper sa heech mooglik klimme. De bêste fierljeppers hawwe 5 à 6 klimslaggen nedich om yn de top fan de pols te kommen. In klimslach is ien ferpleatsing fan de hannen en de fuotten. Guon fierljeppers ferpleatse beide hannen tagelyk en guon fierljeppers ferpleatse earst ien hân en dan de oare hân. Guon fierljeppers meitsje in koarte flugge klimslach, en oaren meitsje in grutte klimslach.

 

Utsprong
Om safier mooglik te springen is in goede ôfset fan de stôk ôf, de útsprong, wichtich. Der binne twa techniken fan útspringen. De dreechste útsprong is de útsprong dêr't de fierljepper by út de pols komt; der binne mar in pear fierljeppers dy't dat goed kinne. De maklikere wize is om nei de lêste klimslach neist de pols út te kommen en josels út te triuwen.

 

Sânbêd
In goed sânbêd is wichtich foar in feilige lâning. It sân wurdt foar in wedstriid en foar de training mei in masine freesd; it sân wurdt dan losmakke. In fierljepper komt fan 3 - 5 m hichte út de pols wei mei in útsprong yn it sânbêd telâne. Neist in feilige lâning is it mjitten fan de ôfstân fia de sânôfdruk wichtich.

 

Hoe fier is de sprong?
De ôfstân dy't in fierljepper sprongen hat, wurdt metten fan it einpunt fan de skâns ôf oant de ôfdruk yn it sân. It punt dat it tichtste by de wetterline leit, telt. By in wedstriid wurdt yn dizze ôfdruk in piketpealtsje pleatst. Fia in laserapparaat wurdt ôflêzen wat de ôfstân is. Krekt lykas by fierspringen it gefal is, wurdt de ôfstân leadrjocht fan de skâns ôf metten. De ôfstân wurdt automatysk op it digitale skoareboerd set, kombinearre mei it nûmer fan de fierljepper.

 

Wetterdjipte
De Technyske Kommisje kontrolearret foar in wedstriid alle maten en djipten fan elke skâns. De totale djipte fan de skâns oant de boaiem mei maksimaal 4 m wêze. De wetterdjipte is likernôch 2 m.

 

Yndikaasjeline yn it sânbêd
Mei in wedstriid lizze der twa linen yn it sânbêd. Dat binne linen dy't in yndikaasje jouwe fan de sprongen ôfstân. De fierljepper en it publyk hawwe dan in idee fan hoefier't de sprong is. De ôfstân wurdt presys opmetten mei in laserapparaat, de skoare wurdt dêrnei op it skoareboerd pleatst.

 

Wiete sprong
In mislearre sprong is in wiete sprong. It is de keunst om hiel stadich oer it wetter te gean, sadat de fierljepper mear tiid hat om te klimmen. Soms leit in topsprong hiel ticht by in wiete sprong.

 

Deade punt
It punt wêrby't de polsstôk leadrjocht yn it wetter stiet hjit it deade punt. It is de keunst om rjocht oer it deade punt hinne te gean. Komt in fierljepper bryk út nei it deade punt, dan is de ôfstân minder fier, omdat de ôfstân ek leadrjocht fan de skâns ôf metten wurdt.

 

Klimpeal 
In soad fierljeppers hawwe thús yn de tún of yn de skuorre in klimpeal te stean. Dit is in aluminium stôk dy't leadrjocht yn de grûn stiet. De klimpeal hat in lingte fan sa'n 6 m. Dêrmei kinne klimtechnyk en klimsnelheid oefene wurde.

 

Fytsbân en hars
Om mear grip op de pols te krijen wurde der twa helpmiddels brûkt: in fytsbân (binnenbân), ek wol klimlear neamd, en hars. De fytsbân wurdt om ien foet wuolle. De fytsbân beskermet de foet tsjin skuorplakken op it krop (de wreef) en op ‘e skine fan 'e foet.
De hars wurdt op 'e fytsbân, de foet en de hannen spuite. Sa hat de fierljepper mear grip op de pols en is der minder kâns op glydzjen yn de pols.

 

Kompetysje yn Fryslân en Grinslân
De FLB organisearret yn ‘e mande mei seis fierljepferienings yn Fryslân en Grinslân in kompetysje. De kompetysje is ferdield oer in 1e klasse, in 2e klasse, in 3e klasse en in jeugdkompetysje.e klasse, een 2e klasse, een 3e klasse en een jeugdcompetitie.
Elke feriening organisearret foar al dizze klassen 3 à 4 wedstriden. It kompetysjeseizoen is fan 15 maaie oant en mei de earste wike fan septimber. Mei in wedstriid mei elke fierljepper trije sprongen meitsje. Yn de 1e klasse meie de bêste fierljeppers yn ien finale noch ris twa fierljepsprongen meitsje. Dejinge dy't per kategory it fierste sprongen hat, is deikampioen.

 

Famkes / froulju jonges / junioaren / senioaren
Fierljeppen is in ‘mingde’ sport. Jonges en famkes, froulju en manlju hawwe op itselde stuit in wedstriid, de prizen wurde ferdield oer de fiif ferskillende kategoryen. In wedstriid is ûnderferdield yn famkes mei in leeftiid oant en mei 15 jier, froulju fan 16 jier ôf, jonges oant en mei 15 jier, junioaren fan 16 oant en mei 20 jier en Senioaren fan 21 jier ôf.

 

Trainer/coach
By in fierljepsprong is der altyd immen dy't efter de fierljepper oan draaft. Dit is de coach of trainer fan de fierljepper. By de sprong jout dizze persoan oanwizings oer it ferrin fan de sprong. Hy/sy ropt bygelyks “klimme-klimme” of “los”; by dizze lêste oanwizing moat de fierljepper fuortendaliks de pols loslitte, want of de fierljepper hellet it deade punt net, of de fierljepper komt hiel bryk út en hat kâns om op de râne fan it sânbêd telâne te kommen.

 

Wedstriid
Elke groep, famkes, jonges, froulju, junioaren en senioaren, hat in eigen wedstriid. Yn in groep sitte maksimaal 8 dielnimmers. De groepen dy't boppe-oan op de wedstriidlist steane, famkes, jonges en miksklasse senioaren, meitsje earst elk 3 sprongen. Dêrnei meitsje de oare trije groepen, froulju, junioaren en Topklassesenioaren har 3 wedstriidsprongen. Fan de froulju, de famkes, de jonges en de junioaren meie fan elke groep de 3 bêste fierljeppers noch 2 finale sprongen meitsje. By de senioaren en de miksklasse senioaren meie de bêste 6 noch 2 finale sprongen meitsje. Nei dizze finale wurde de prizen ferdield. Dejinge dy't per kategory it fierste sprongen hat, wurdt deikampioen.

 

Klassemint
In fierljepper docht yn in fierljepseizoen mei oan goed 20 fierljepwedstriden. Per wedstriid telt de fierst sprongen ôfstân, makke yn de trije kompetysjesprongen. Sprongen dy't makke binne yn de finale telle net mei foar it klassemint. It klassemint wurdt úteinlik makke troch de bêste 7 ôfstannen by elkoar op te tellen. De bêste fierljepper stiet boppe-oan yn it klassemint.

 

Liedersshirt
Mei de fierljepkompetysje drage de bêste fierljeppers yn de 1e klasse per kategory it liedersshirt. It liedersshirt is opfallend en hat krekt lykas de Fryske flagge reade pompeblêden en blauwe en wite strepen.

 

Jongereinkompetysje
De jongerein, jonges en famkes fan 8 oant en mei 12 jier, hat in eigen kompetysje en wedstriden op spesjale jeugdskânskes. Elke feriening hat neist 3 grutte skânsen ek 2 jeugdskânsen. De wetterbreedte by in jeugdskâns fariearret tusken de 4 en de 7 m. Ek de wetterbreedte by de jeugdskanskes kin oanpast wurde troch de skâns te ferlingjen of krekt koarter te meitsjen.
De waterbreedte bij een jeugdschans varieert tussen de 4 en de 7 m. Ook de waterbreedte bij de  jeugdschansjes kan aangepast worden door de schans te verlengen of korter te maken.

 

Rekôrs
By it fierljeppen binne der ferskate rekôrs per kategory te beheljen: jonges, famkes, froulju, junioaren en senioaren. De fierste ôfstân sprongen is it Nederlânsk rekôr foar senioaren. Dat is 22,21 m., sprongen troch Jaco de Groot. Foar de froulju komt dit rekôr del op 18.19 m., sprongen troch Marrit van der Wal. Der binne Fryske rekôrs en Hollânske rekôrs. Elke skâns per akkommodaasje hat in skânsrekôr en elke fierljepper hat in persoanlik rekôr. Sjoch by de statistiken foar de rekordôfstannen.

 

Frysk Kampioenskip (FK)
Op de 2e of 3e Op de 2e of 3e sneon fan augustus wurdt it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum (Frl.) hâlden. Foar de fierljeppers is dit de wichtichste wedstriid fan it jier; elkenien wol graach Frysk kampioen wêze. De bêste fierljeppers per kategory wurde op grûn fan it klassemint selektearre.

 

Nederlânske Fierljep Manifestaasje (NFM)
Ein july of begjin augustus organisearret fierljepferiening It Heidenskip in iepen wedstriid. Elkenien dy't fierljeppe kin, mei meidwaan. Somtiden binne der ek dielnimmers út België of Ingelân. Moarns en middeis binne de foarrondes, wêrby't de fierljeppers har pleatse kinne foar de finale dy't de jûns hâlden wurdt. De ôfstannen dy’t mei de moarns- en middeisrondes sprongen binne, telle yn de finale net mear mei.

 

Twakamp (TK)
Ien kear yn it jier is de twastriid tusken de Friezen / Grinslanners (FLB) en de Hollanners (PBH). In gelyk tal dielnimmers fan elke kategory en fan elk bûn stride tsjin elkoar. Fan elke fierljepper telt de bêste ôfstân. Alle bêste ôfstannen by elkoar opteld, bepale de útslach.

 

Nederlânsk Kampioenskip (NK)
It Nederlânsk Kampioenskip is de lêste wedstriid fan it fierljepseizoen. Dizze wedstriid wurdt om en om yn Fryslân/Grinslân of yn Utert/Súd-Hollân hâlden. De bêste fierljeppers fan de FLB en de PBH wurde hjirfoar útnûge.

 

Simmersport
Fierljeppe is in echte simmersport. De earste wedstriid is heal maaie, de lêste wedstriid is it Nederlânsk kampioenskip. Dit wurdt hâlden op de lêste sneon fan augustus, of de earste sneon fan septimber. Om’t in soad wedstriden jûns plak fine, kin it seizoen net trochrinne oant yn de hjerst; it is dan earder tsjuster, de pols is yn de skimer net goed te sjen. Dêrneist wurdt it kâlder en is de kâns op blessueres grutter.

 

Blessueres en EHBO
By elke offisjele wedstriid is EHBO ferplichte oanwêzich. Meastentiids is in pleister of in kuolelemint foar kniesde plakken foldwaande. Fierljeppe is net gefaarliker as oare sporten. In goede training en warming up is by elke sport wichtich, ek by it fierljeppe.

 

Polzekarre
By de fierljepwedstriden wurde altyd de polzen fan de FLB brûkt. De polzen, 8 oant 11 m lang, wurde op in spesjale oanhingwein ferfierd; dizze wein wurdt de polzekarre neamd. Tegearre mei de bus is it in opfallende ferskining op de dyk. De polzekarre wurdt troch twa fêste sjauffeurs nei alle wedstriden riden.

 

Wintertraining
De fierljeppers traine ek yn de winter. Sa’n training kin bestean út krêfttraining, hurdrintraining en technyktraining. De ôfsûnderlike eleminten fan it fierljeppen wurde dêrby traind. Guon fierljeppers hawwe thús in romte mei materialen en apparaten foar in krêfttraining.

 

Technyske Kommisje (TC)
De Technyske Kommisje ferfollet mei de wedstriid de rol fan skiedsrjochter. Foarôfgeand oan de wedstriid kontrolearret de TK de wetterdjipten en de kwaliteit fan it sânbêd. As de wedstriid geande is, let de TK der op dat it sânbêd feilich bliuwt om yn te lannen en dat de fierljeppers har oan de regleminten hâlde. De TK-leden binne werkenber oan har read-blauwe shirts.

 

Kommentator
Mei de wedstriden is in kommentator yn de fierljepbus oanwêzich. Dizze persoan ynformearret it publyk oer it wedstriidferrin en jout útlis oer de fierljepsport.

 

Wedstriidsiktariaat (WS)
Alle ôfstannen dy’t mei in wedstriid sprongen wurde, wurde byhâlden troch it WS. Mei de wedstriid is der ien persoan fan it WS yn de bus oanwêzich om de ôfstannen fêst te lizzen, dy’t de kommentator foarsjocht fan ynformaasje oer it wedstriidferrin. Ynformaasje oer persoanlike rekôrs en wa't op plak 1, 2 of 3 stiet hat it WS fuortendaliks paraat.

 

Stopljocht
De fierljeppers hawwe 2 minuten en 15 sekonden de tiid om har sprong te meitsjen. Soks hâldt yn dat sadree't de pols foar de skâns stiet, it stopljocht op grien giet en de tiid begjint te rinnen. As in fierljepper noch 30 sekonden tiid hat, giet it stopljocht op oranje. Nei 2 minuten en 15 sekonden moat de fierljepper de sprong makke hawwe. Is dat net it gefal, dan is de sprong ûnjildich.

 

Rein en wiete polzen
As it reint kin der net ljept wurde. In wedstriid wurdt dan stillein of ôfsein. By rein wurdt ek net traind. De pols wurdt dan wiet en dêrtroch glêd. As de fierljepper in wiete pols fêstpakt glydt hy/sy nei ûnderen. It fierljeppen is dan net feilich. Mei in wedstriid kin in pols wiet wurde fan opspattend wetter, in fierljepper makket altyd foar de sprong de pols droech mei in handoek.
Tijdens een wedstrijd kan een polsstok nat worden van opspattend water, een fierljepper maakt altijd voor de sprong de polsstok droog met een handdoek.

 

Frysk Ljeppers Boun (FLB)
De FLB is it oerkoepeljend bûn fan de fierljepferienings yn Fryslân en Grinslân.
Yn Fryslân en Grinslân wurde offisjele wedstriden organisearre troch it Frysk Ljeppers Boun (FLB) en yn Utert en Súd-Hollân troch de Polsstokbond Holland (PBH). Mei elkoar fertsjintwurdigje hja in groep fan likernôch 600 aktive fierljeppers yn Nederlân. Alle jierren binne der 3 wedstriden wêrby't de leden fan de beide bûnen tsjin elkoar stride, dat is de Twakamp (TK), it Nederlânsk Kampioenskip (NK) en de Nederlânske Fierljep Manifestaasje (NFM).

 

Polsstokbond Holland (PBH)
De PBH organisearret yn ‘e mande mei seis fierljepferienings yn Utert en Súd-Hollân in kompetysje.
De PBH is it oerkoepeljende bûn fan de fierljepferienings yn Utert en Súd-Hollân. Nederlandse Fierljepbond (NFB)

 

Nederlandse Fierljepbond (NFB)
De NFB is yn 1991 oprjochte mei it doel om it fierljeppen yn Nederlân te behâlden, te befoarderjen, en yn goede banen te lieden. Fia de NFB wurkje de FLB en de PBH gear en stimme se de regleminten op elkoar ôf. 

fr_FRFR