Yn Fryslân en Grinslân binne yn totaal 6 entûsjaste ferienings mei in soad jeugdleden. Kom in kear fergees meitrainen en sjoch oft fierljeppen wat foar dy is!
Ast in klimslach meitsje kinst en neist de pols lâne kinst, meist meidwaan oan ús jeugdwedstriden. Dy binne meastentiids op sneonmoarn by ien fan de 6 FLB fierljepferienings.
Der wurdt striden yn 4 nivo-groepen, wêrfan de yndieling wykliks feroaret op grûn fan de rekkenôfstân. Hoe't dizze berekkene wurde stiet yn it Formulier vaststelling variabelen yn 'e regleminten.
By de Fryske en Nederlânske kampioenskippen wurdt yn leeftiidsgroepen en foar jonges en famkes apart striden.
Sjoch foar mear ynformaasje by de NFB regleminten.
Fierljeppen is in sosjale sport, wêrby't tsjinstriders faak jo freonen binne of wurde. Om dat noch makliker te meitsjen, starte wy it wedstriidseizoen mei in echte jeugddei yn Sportstad Heerenveen. Tidens dizze dei gean jo sawol mei-inoar as yn groepen ferskillende sportive aktiviteiten dwaan.
By dit leuke evenemint binne neist alle jeugdleden fan de fierljepferienings, ek broers, susters en freonen (of freondinnen) wolkom. Sa kinst al foar it seizoen in tal ljeppersfreonen!
Wolsto in sprekbeurt oer fierljeppen hâlde? Dy makkest natuurlijk sels, mar sjoch ek it dokumint by “Earste hulp by in fierljepsprekbeurt”. Dêryn fynst tips hoesto in goeie sprekbeurt meitsje kinst. Meitsje ek gebrûk fan it PowerPoint-sjabloan mei Ljeppie.
Jousto in sprekbeurt yn it Frysk? Brûk dan de Friese PowerPoint ferzje. www.frysker.nl Hjir kinst de wurden opsykje en/of vertale as dat nedich is.
Wy fine it geweldich datst in spreekbeurt oer fierljeppen hâldst en dêrom meist, ast lid bist fan in FLB fierljepferiening, foar dyn groep in Ljeppie-whiteboardstift en wiskaartjes bestelle. As tsjinprestaasje freegje wy dy om dyn groep yn de sprekbeurt út te noegjen foar in jeugdwedstriid op de tichtstbyzijnde fierljepakkommodaasje.
Us maskotte hjit Ljeppie de Ljip, it is in kievit. It fierljeppen is ûntstien út it sykjen fan kievitseieren. Mei in houten pols sprongen de minsken fan de fûgelwacht oer de sletten. De earste fierljepferienings wiene oprjochte út de fûgelwacht. Letter is dit loskoppele en is it Frysk Ljeppers Boun oprjochte. Ljeppie de Ljip is by de wichtige wedstriden oanwêzich om elkenien oan te moedigjen. Ljeppie de Ljip hat ek in freontsje, it is Jeppie (in kikker) fan Polsstokbond Holland.
Yn 2021 hawwe we in nije Ljeppie 2.0 krigen. Binne jo benijd hoe't dat gien is? Sjoch dan ris nei ûndersteande fideo.
Us foarsitter Etty Kramer-Spriensma mocht ein 2022 foar underwiisburo Semko in ferhaal fertelle foar de ferhalenbank. It doel fan underwiisburo Semko is om it basisskoalûnderwiis moaier te meitsjen. Dit dogge se ûnder oare troch mei te wurkjen oan it Taalplan Frysk, it plan fan de provinsje Fryslân om skoallen te helpen mei it berikken fan de doelen foar it Frysk. De ferhalenbank is in bydrage fan Semko oan de útfiering fan dit plan.
It ferhaal fan Etty giet oer jeugd-fierljepster Else Klijn Velderman. Belûster no dit leuke lytse ferhaaltsje fia YouTube. Sjoch foar mear ynformaasje oer de ferhalenbank op www.sjonge.frl
Yn 'Scoute mei Berend' giet Omrop Fryslân op syk nei de toppers fan de takomst. Wa is it nije sporttalint fan Fryslân? Yn febrewaris 2024 scoute Arjen de Boer en Berend by it fierljeppen. Se geane op besite yn It Heidenskip en prate mei Nina en Rutger.