LJEPTIID

In midsimmer ljeppersbarren yn it Heidenskip

DE GRUTTE FIERLJEPDEI

SNEIN 29 JUNY 2025

Bisto Frysk en hasto altyd alris fierljeppe wollen? Hjir is dyn kâns!

Op snein 29 juny is it “Ljeptiid ”: in 12 oeren duorjende fierljepdei, fan 9 oere moarns oant 9 oere jûns hat eltse Fries de unike kâns om dizze fantastyske sport sels te dwaan! Under begelieding fan topklassers bruorren Galama en fierljepfreonen út hiel Fryslân learst de basis en kinst sels de sprong weagje. It sil in prachtige fierljepdei wurde yn It Heidenskip, midden yn'e foarsimmer.

Dizze spesjale dei stiet yn it ramt fan it 50 - jierrich bestean fan Fierljepferiening It Heidenskip. Boppedat nimme Oane en Ysbrand Galama dit jier ôfskied as wedstriidspringers, nei mei-inoar mear as 50 jier oan de top ljept te hawwen. Om dit bysûndere mominten te fieren, wolle we elkenien sjen en belibje litte hoe prachtich it ljeppen is. Mis it net!

GRYP DYN KANS!

Genôch praten, it is ljeptiid!

Op dizze bysûndere dei learst yn in lyts oerke de keunst fan it ljeppen - en dat streekrjocht fan de echte eksperts! Oanmelde is net nedich! Kom gewoan en doch mei. Allinne as mei famylje, freonen of sport team it makket neat út. Hoe mear minsken hoe moaier.

Lokaasje: Fierljepskânsen yn It Heidenskip, Brânburren 26 (efter doarpshûs "It Swaeigat").
Foar wa: Elkenien fan 12 jier ôf kin meidwaan.
Kosten: Fergees (Frijwillige bydrage foar de feriening).

Handich om mei te nimmen: Sportklean, in handoek en drûge klean. Want ja... wa’t oer de feart ljeppe wol kin wiet wurde! 

Foar taskôgers freegje we allinnich in goed sin en in grutte glim! Dêrneist is der de hiele dei kofje, tee, drinken en lekker iten te krijen.

 

Dit is DYN kâns om it fierljeppen te ûnderfinen. Want sis no sels …

bisto wol in echte Fries ast noch nea ljept hast?

fr_FRFR